Helptsjinsten drok mei lytse kalamiteiten

01 jan 2018 - 01:42

De helptsjinsten hawwe it yn de nijjiersnacht drok mei alderhanne lytse kalamiteiten. Sa moast de brânwacht fan 'e Jouwer mei in heechwurker útrukke om't der in fjoerpylk op it dak fan in hûs bedarre wie. Nei kontrôle die bliken dat it fjoer al gau wer útgien wie.

Yn Ljouwert wie om healwei alven op âldjiersjûn brân yn de hal fan in wenning oan de Schopperhofstrjitte. De brânwacht moast deroan te pas komme om it fjoer út te meitsjen. Ien fan de bewenners is troch ambulânsepersoniel neisjoen, mar hoegde net mei nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe.

Yn Easterbierrum moast de brânwacht yn aksje komme foar in brân. Jongerein hiene dêr in auto yn de brân stutsen om it nije jier te fieren. 

Dêrnjonken wurdt der in protte melding makke fan lytse brantsjes yn bergen ôffal of yn konteners. Under oare yn Danwâld, Oerterp, Starum en Burgum waard de brânwacht hjirfoar oproppen.  
 

Trefwurden: 
helptsjinsten
(advertinsje)
(advertinsje)