'Cliffs of Moher' op nûmer 1 yn de Fryske top 100

31 des 2017 - 23:50

It nûmer 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra is opnij op it earste plak einige fan de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân. Ferline jier stie Gurbe ek al op nûmer ien mei itselde nûmer. It jier dêrfoar wie it 'Fûgels' fan Die Twa dy't de heechste notearring hie. Dat nûmer einige dit jier op nûmer twa. Reboelje mei Marije Maria stiet op it tredde plak.

'Nim my mei dy mei' fan Greidebern ft. Wiebe Kaspers wie dit jier de heechste nije binnenkommer. De gearwurking tusken de sjonger en de bern út Littenseradiel kaam binnen op nûmer acht. Dat is ek net sa nuver as je betinke dat de bern ek flink aksje fierd hawwe om harren nûmer sa heech te krijen, sa kamen se ûnder oare mei in item yn it Jeugdjournaal.

De Fryske top 100 is dit jier gearstald op basis fan 37.570 stimmen. Dat is in rekôr.

(advertinsje)
(advertinsje)