De Geitefok sit efter fermissing letters Lelystêd Airport

31 des 2017 - 22:16

De fermiste letters fan Lelystêd Airport binne op âldjiersdei opdûkt yn Aldeberkeap. Aldjiersferiening De Geitefok út dat plak hie de grutte letters yn de nacht fan 22 op 23 desimber as âldjiersstunt meinaam. De letters binne yn totaal mear as tweintich meter lang.

De feriening die dit as grap, mar ek om in statement te meitsjen. Se binne bang dat de gemeente Eaststellingwerf yn de takomst oerlêst hawwe sil fan leech fleanende fleantugen troch de útwreiding fan Lelystêd Airport. Se sille yn it nije jier kontakt opnimme mei Lelystêd Airport om de stunt op in kreaze wize ôf te hanneljen, sa seit de feriening sels.

De Geitefok is de âldste âldjiersferiening fan Nederlân en komt alle jierren mei in ludike aksje.

(advertinsje)
(advertinsje)