Keninklike ûnderskieding foar Geert Verf fan Marsum

31 des 2017 - 20:15

Geert Verf fan Marsum hat âldjiersjûn in keninklike ûnderskieding krigen. Hy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige it lintsje by de âldjiersoertinking yn de tsjerke fan Marsum, út hannen fan boargemaster Theunis Piersma fan Menameradiel.

Verf (1955) is sûnt 1983 wurksum by Doarpsbelang Marsum, earst as bestjoerslid en dêrnei as foarsitter. Ek hat Verf him de ôfrûne jierren ûnder oaren bot ynset foar de kommisje lûdshinder yn ferbân mei fleanbasis Ljouwert, de doarpskrante en it behâld fan de doarpsskoalle.

(advertinsje)
(advertinsje)