Utslaande skuorrebrân yn Snits

31 des 2017 - 19:56

De brânwacht moast âldjiersjûn yn aksje komme foar in útslaande skuorrebrân yn Snits. Yn de skuorre oan de Kempiusstrjitte stiene op dat stuit noch in oantal gasflessen. Dy binne dêr wei helle en de brânwacht hie de brân dêrnei frij rap ûnder kontrôle.

It is noch net bekend hoe't de brân ûntstean koe. Mooglik is der fjoerwurk yn of by de skuorre telâne kaam en yn 'e brân flein. Der is net ien by ferwûne rekke.

Trefwurden: 
brân Snits skuorrebrân
(advertinsje)
(advertinsje)