Brânende auto rydt hast wenhûs yn Damwâld yn

31 des 2017 - 19:16

In bizar ynsidint op âldjiersdei yn Damwâld. In auto mei caravan ried dêr op it Dokter J. Botkepaad troch in fjoerbult, fleach yn 'e brân, ried in hiem op en ramde dêrby hast in wenhûs. In auto dy't op de oprit fan it hiem stie, rekke skansearre troch it ûngelok en ek in part fan de tún is ôfbaarnd. De brânwacht hat it fjoer blust.

De oarsaak fan it ûngelok is noch ûndúdlik, mooglik is de caravan al ûnder it riden mei opset yn brân stutsen. De plysje docht hjir ûndersyk nei.

Trefwurden: 
ûngelok brân Damwâld plysje
(advertinsje)
(advertinsje)