Warten begjint it nije jier as 'Kultureel Haaddoarp'

31 des 2017 - 18:02

It doarp Warten presintearret him moandei, op nijjiersdei, as offisjeus 'Kultureel Haaddoarp' fan de gemeente Ljouwert. Dit is in kulturele haadstêd yn it lyts, wêrby't in foarpriuwke jûn wurdt fan de ferskate projekten fan Kulturele Haadstêd. Sa binne der miniatueren fan de 11 fonteinen, de reuzen en Lân fan Taal te sjen yn Warten. Ek is der in spesjale 2018-trein en kinne minsken om fjouwer oere in nijjiersdûk meitsje yn it doarp.

De iepening is moandei tusken de middei, krekt nei tolve oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)