Restauraasje 'Eintsje fan de daam' op De Lemmer úteinset

Op De Lemmer is begûn mei de restauraasje fan it 'Eintsje fan de daam'. Dat is in âld gebou dat oan it ein fan de pier stiet, dy't je foarby moatte as je fia it wetter De Lemmer binnen farre. It gebou wie swier fertutearze. De gemeente De Fryske Marren woe it dêrom slope mar dat smiet in soad ferset op. Foar in protte Lemsters hat it in grutte emosjonele en symboalyske wearde. Lemster Wietze de Haan begûn in petysje foar it behâld en dat waard massaal stipe troch minsken út binnen- en bûtenlân.
It gebiet is no oanwiisd as gemeentlik monumint. Op koarte termyn kriget it 'Eintsje fan de daam' it ljochtbeaken werom. De Westerhavendaam sels wurdt ek oanpakt.