Omrop TIP: Fiel de Nacht mei Marijke Roskam

02 jan 2018 - 06:23

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma 'Fiel de Nacht' mei mediatrainer en deifoarsitter Marijke Roskam oer har libben en driuwfearren. Op twadde dei fan it nije jier is dat alles te sjen op telefyzje.

Op it Oerd op It Amelân bringt Bart Kingma middenyn de dunen de nacht troch mei Marijke Roskam. De frou dy't har as sjoernaliste, kommunikaasje-adviseur of deifoarsitter alle dagen beweecht yn de wrâld fan bestjoer, polityk en bedriuwen. Wat stekt se dêrfan op, en hoe brûkt se dat yn har eigen libben, dat folslein yn it teken stiet fan fêsthâlden en loslitten. Op tiisdei 2 jannewaris om 17.15 is de ôflevering mei Marijke Roskam te sjen.

Fiel de Nacht is fan moandei 1 oan en mei freed 5 jannewaris te sjen op telefyzje. De oare gasten binne Jan Posthuma, Rients Ritskes, Greetje Bijma en Bearn Bilker. Op Omropfryslan.nl/fieldenacht is alles oer Fiel de Nacht, de gasten en de ôfleveringen te finen.

(advertinsje)