Omrop TIP: Fiel de Nacht mei Jan Posthuma

01 jan 2018 - 06:33

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma 'Fiel de Nacht' mei âld-follyballer Jan Posthuma oer syn libben en driuwfearren. Op dizze earste dei fan it jier is dat alles te sjen op telefyzje.

Middenyn de dunen fan It Amelân bringt Bart Kingma de nacht troch mei follyballer Jan Posthuma. De man dy't Olympysk goud wûn mei in team dat optilde fan ego's en striid. Wat wie syn rol yn dy ploech, as nochter en kalm persoan. En mist er dy adrenaline noch wolris, of hat er syn topsportmentaliteit hurd nedich hân yn de tsjinslach dy't him nei syn karriêre oerkaam? Op moandei 1 jannewaris om 17.15 oere is de ôflevering mei Jan Posthuma te sjen.

Fiel de Nacht is fan moandei 1 oan en mei freed 5 jannewaris te sjen op telefyzje. De oare gasten binne Marijke Roskam, Rients Ritskes, Greetje Bijma en Bearn Bilker. Op Omropfryslan.nl/fieldenacht is alles oer Fiel de Nacht, de gasten en de ôfleveringen te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)