Alles watst witte moatst foar in Fryske nijjiersdûk

31 des 2017 - 15:55

De ien moat der net oan tinke en soe it foar gjin miljoen euro dwaan, de oar hat der sa stadichoan in tradysje fan makke: de nijjiersdûk. Alle jierren binne hûnderten Friezen moedich genôch om it kâlde wetter oan te doaren foar in goeie start fan it nije jier. Ek yn 2018 kinne je op in soad plakken yn de provinsje terjochte foar sa'n frisse start. It bekende Fryske sprekwurd 'Net stinne, derhinne' moat dit motto foar 2018 wurde, want de online redaksje fan Omrop Fryslân hat foar jo alle nijjiersdûken op in rige set. Dêrnjonken jout Omrop Fryslân's eigen EHBO-spesjalist Aise van Beets tips oer hoe'tst dy it bêste tariede kinst op in goede en sûne nijjiersdûk. Wy sjogge al út nei de foto's!

Wat docht in nijjiersdûk mei it lichem?
Op nijjiersdei is neffens Piet Paulusma de wettertemperatuer fan sawol de Waadsee as de Iselmar tusken de 4,5 en 5 graden Celsius. Troch it kâlde wetter sakket dyn lichemstemperatuer. Koarte ôfkuolling troch bûtenwetter is gjin probleem ast goed sûn bist. It kâlde wetter soarget der ek foar dat dyn lichem endorfinen oanmakket. Hjirtroch hast de hiele dei in soad enerzjy en fielst dy lokkich. Fierder soarget it temperatuerferskil foar in foar in hookstrookse hege bloeddruk, ek it hert begjint rapper te klopjen. Ast wêr út it wetter bist, silst dyn lichem prykjen fiele en in waarm gefoel krije.

Kinst dysels ek traine foar in nijjiersdûk?
Jawis! Yn de sauna kinst temperatuerskommelingen prima 'oefenje'; dyn lichem went der dan oan. Ek wikselbaden binne goed; dyn hert went dan oan de temperatuerferskillen. Dat kinst ek dwaan troch kâlde dûsen te nimmen yn de perioade foar de dûk. Traine dus! Stadichoan opfiere en opbouwe. Hjirmei boust ek dyn ôfwarsysteem op.

Wat moatte minsken no écht meinimme as se te nijjiersdûken sille?
Badlekken, badjas en slippers. Wat waarms om te drinken en efterôf fan binnen út op te waarmjen. Pre is in mûtse en moffen! Nim ek faseline mei om op te smarren; dat biedt beskerming.

Wêr moatte minsken om tinke by de dûk sels?
Dûk net ast net fit bist of hert- of oare klachten hast! Dat kin foar dysels en foar de oanwêzige helpferliener in soad problemen opleverje. Foar it dûken kinst it bêst sa lang as mooglik dyn waarme klean oanhâlde en doch efkes in 'warming-up'. Under it dûken is it ek goed om dy yn te smarren mei faseline en om moffen, skuon (of slippers) en in mûtse (of badmûtse; noch handiger) op te hâlden, dan ferliest minder waarmte. Besykje dan wol om dyn holle en hier drûch te hâlden.

Dûk altyd ûnder tafersjoch; stel it giet mist, dan kinst gau holpen wurde. Fierder is it ek gjin goed idee om alkohol te drinken foar de tiid. Helpferlieners krije alle jierren wer te meitsjen mei ûnderkuolling, dus bliuw net langer as 3 oant 5 minuten yn it wetter. Drûgje dysels goed ôf en doch in lekkere badjas oan. Klaai dysels 10 minuten letter oan yn in waarme romte; it it net goed om dy fuortendaliks tsjok en waarm oan te klaaien.

Hasto sels ea meidien oan in nijjiersdûk?
Nee! Kom wolris in de sauna, mar rin mei in grutte bôge om it kâlde bad hinne. Respekt foar dejinge dy't der wolris gebrûk fan meitsje. Ik lit my nei de opwaarming fan de sauna bûten graach ôfkuolje, mar nei de earste huvering sykje ik de waarmte wer op.

Op it kaartsje hjirûnder sjochst wêr'tst yn Fryslân 2018 fris yndûke kinst:

Trefwurden: 
nijjiersdûk EHBO
(advertinsje)
(advertinsje)