Leafde fan boer Olke siik: ''Hoopje op in miracle''

31 des 2017 - 13:45

''Ik moat hoopje op in miracle.'' Dat sei Olke Jongsma út Texas snein yn It jier út op Omrop Fryslân radio. Olke wie dit jier ien fan de boeren dy't te sjen wie yn Boer Zoekt Vrouw ynternasjonaal. Syn grutte leafde Karen blykt slim siik te wêzen. ''Karen is hiel siik'', fertelde er. ''Se hat kanker, en dat hat him al ferspraat. Se wurdt nije wike behannele. It is allegear ôfwachtsje. Hjir hienen wy net op rekkene. Wy kenne elkoar no pas in jier.''

Foar Olke Jongsma wienen de lêste wiken dreech. ''Je nimme it dei per dei. It is foar har ek hiel muoilik. Wy hienen takomstplannen tegearre, en dat moat no earst wachtsje. Wy soenen trouwe, dus dit komt wol hurd oan.''

Boer Zoekt Vrouw

Boer Jongsma belibbe it ôfrûne jier in moaie tiid yn Boer Zoekt Vrouw, mei de Fryske Alberdien en de Brabânske Sandra. Alberdien gie nei hûs om't se net út de fuotten koe mei syn boerebedriuw. De gefoelens foar Sandra kamen úteinlik dochs net fan twa kanten.

(advertinsje)
(advertinsje)