Sven Kramer rydt massastart yn Súd-Koreä mei Koen Verweij

31 des 2017 - 12:43

Sven Kramer rydt de massastart op de Olympyske Spelen yn febrewaris 2018 yn Súd-Koreä. Koen Verweij wie al oanwiisd foar de massastart. Dat wie ien fan de saken dy't technysk direkteur Arie Koops en bûnscoach Geert Kuiper op âldjiersdei bekend makken. Sven komt ek út op de 5000 meter, de 10 kilometer en rydt ek de ploege-efterfolging. Yn dy efterfolgingsploech sitte fierder Koen Verweij en Jan Blokhuijsen. Blokhuijsen rydt boppedat de 5000 meter.

De blessearre Kai Verbij is oanwiisd foar de 1000 meter. Verbij hie him op it OKT al pleatst foar de 500 meter, dêr rûn er in ljiskblessuere op. Syn ploechmaat Thomas Krol moat no thúsbliuwe. Is Verbij net op tiid klear foar de Spelen, dan wurdt Hein Otterspeer syn ferfanger.

Annouk van der Weijden, de winner fan de 5000 meter, komt mei Irene Schouten út op de massastart. Jorien ter Mors rydt net allinne de 1000 meter, mar ek de 500 meter. Letitia de Jong, de tredde frou op it OKT op de 500 meter, komt net yn de seleksje, omdat it oantal fan tsien froulju berikt is.

Nederlân mei yn totaal tweintich riders en rydsters - tsien manlju en tsien froulju - meinimme nei de Olympyske Spelen.

(advertinsje)
(advertinsje)