Caravan yn brân by Starum, plysje warskôget de jeugd

31 des 2017 - 12:14

De plysje hat sneintemoarn yn Starum in groep jongeren warskôge, om't se in caravan en ferskate krystbeammen yn brân stutsen hienen. Iepen fjoer is ferbean yn de gemeente Súdwest-Fryslân, as dat sûnder ûntheffing dien wurdt. De jeugd lit it fjoer no ûnder kontrôle útbrâne.

De plysje fiert snein yn de gemeente ekstra kontrôles út.

Trefwurden: 
Starum caravan plysje
(advertinsje)
(advertinsje)