Frijheidsbyld en 'pimelfontein' dûke op yn Easterein

31 des 2017 - 11:41

It spoarleaze frijheidsbyld fan Snits en in 'pimelfontein' út Warkum binne op âldjiersdei opdûkt yn Easterein. De âldjiersploech fan Easterein siet achter it ferdwinen fan de foarwerpen, sa falt te lêzen op har webside. It frijheidsbyld en de 'pimelfontein' pronkje foar it kafee yn Easterein, oan de Sibadawei. De âldjiersploech hat ek spandoeken ophongen, mei as tekst: ''al soene se ús ferpauperje litte yn Easterein, ús frijheid as mienskip bliuwt stiif oerein''.

De doarpen fan de gemeente Littenseradiel gean op 1 jannewaris fanwegen de weryndieling oer nei Súdwest-Fryslân, Ljouwert en de nije gemeente Waadhoeke.

(advertinsje)
(advertinsje)