Goed 600 donaasjes foar VUmc as oantinken oan Dirk Baron

31 des 2017 - 09:20

Mear as 600 minsken út hiel Nederlân hawwe de ôfrûne wiken jild stoart foar de donearaksje ta oantinken oan Omrop Fryslân-presintator Dirk Baron. De aksje foar it VUmc Alzheimercentrum hat yntusken mear as 15.000 euro opbrocht. Dirk Baron naam op 28 novimber op 37-jierrige leeftiid ôfskied fan it libben. Dirk hie, krekt as syn heit, de sykte fan Alzheimer. De sykte behearske syn libben hieltyd mear. Om foar te kommen dat syn bern konfrontearre wurde soene mei deselde traumatyske ûnderfiningen, wie it foar Dirk in logysk beslút om sels it momint fan ôfskied te bepalen. Hy soe net trochmeitsje wat syn heit oerkaam wie.

Yn de lêste wiken fan syn libben hat Dirk besletten om in bydrage te leverjen oan it ûndersyk nei de sykte fan Alzheimer. It VUmc Alzheimercentrum is mei in grut team dwaande mei it ûndersyk nei de oarsaken fan Alzheimer. It giet dan ûnder oare om ûndersyk nei Alzheimer op jonge leeftiid en oare foarmen fan betide demintens. It beslút fan Dirk om sels mei te wurkjen oan dit ûndersyk kin der ta liede dat der ûntbrekkende puzelstikjes fûn wurde. Omdat foar dit ûndersyk in protte jild nedich is, hat Dirk syn famylje in spesjale jildynsammelaksje opset. Snein is de lêste dei dat minsken noch jild donearje kinne.

Trefwurden: 
Dirk Baron aksje Alzheimer
(advertinsje)
(advertinsje)