Parkearre BMW folslein útbrând yn Ljouwert

© AS Media
Yn Ljouwert is sneontenacht in auto folslein útbrând. De swarte BMW stie op in parkearterrein by de Julianalaan, doe't er troch noch ûnbekende oarsaak yn brân fleach. De brânwacht hat it fjoer dôve, mar koe net foarkomme dat de auto ferlern gie.
In berger hat de útbrânde BMW dêrnei fuortsleept. De plysje docht noch ûndersyk nei hoe't it fjoer ûntstean koe.