Auto botst tsjin beam by Nij Beets: persoan ferwûne

31 des 2017 - 07:19

By de Tolhekbuurt yn Nij Beets is sneontenacht in auto mei in flinke klap tsjin in beam botst. De bestjoerder fan de auto rekke hjirby net ferwûne, mar syn byrider moast wol nei it sikehûs. Hoe slim syn ferwûnings krekt wienen, is net bekend. De auto rekke troch de botsing swier skansearre en moast fuortsleept wurde.

It is noch net bekend hoe't it ûngelok krekt barre koe. De plysje docht dêr noch ûndersyk nei. De dyk wie fanwegen it ûngelok sneontenacht in skoft ôfsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)