UNIS Flyers set earste stap rjochting bekerfinale

© Martin de Jong
UNIS Flyers hat sneon de earste heale finalewedstriid om de beker wûn. De Feansters wiene mei 6-3 te sterk foar Eindhoven, nei de perioadestannen 3-0, 1-1 en 2-2.
De Flyers begûnen goed oan de wedstriid en kamen yn de earste perioade op 3-0 troch goals fan Marc Nijland (2 kear) en Rick Neef. Yn de twadde perioade rûnen de Flyers út nei 4-0 troch in goal fan Adam Bezak. Dochs kaam Eindhoven noch werom yn de wedstriid. Nick Verschuren makke yn de twadde perioade de 4-1 en oan 'e begjin fan de tredde perioade makke Boris Sevo de 4-2. Opnij Nick Verschuren makke de 4-3 foar Eindhoven en sa waard it dochs noch spannend. Ronald Wurm en Adam Bezak makken lykwols oan 'e ein fan de tredde perioade in ein oan de aspiraasjes fan Einhoven troch de 5-3 en 6-3 te skoaren.
De heale finale fan de beker giet oer trije wedstriden. Wa't twa wedstriden wint, giet troch nei de finale. De folgjende wedstriid is op 3 jannewaris yn Eindhoven.