Wapene man rydt mei auto yn op eigen broer yn Ljouwert

30 des 2017 - 21:35

In man is sneontejûn op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert mei syn auto ynriden op syn eigen broer. Sy soene in konflikt mei-elkoar hawwe. It slachtoffer woe yn syn parkearre auto stappe, doe't syn broer op him ôf riden kaam. It slachtoffer waard net fol rekke troch de auto, mar rekke wol licht ferwûne oan syn skonk. Doe't de plysje kaam, rôp de fertochte dat er in fjoerwapen hie. De man waard út syn auto helle troch de plysje en doe die yndied bliken dat er in fjoerwapen by him hie.

It slachtoffer is behannele troch ambulânsepersoniel. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)
(advertinsje)