Olympyske seleksje neffens de prestaasjematriks

30 des 2017 - 18:39

Op basis fan de prestaasjematriks, de seleksjefolchoarder foar de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä yn febrewaris 2018, sjocht de Nederlânske ploech der sa út.

Anice Das rydt de 500 meter en Marrit Leenstra de 500, 1.000 en en 1.500 meter. Jorien ter Mors komt út op de 1.000 meter, Lotte van Beek op de 1.500 meter en Ireen Wüst op de 1.000, 1.500 en 3.000 meter. Antoinette de Jong en Carlijn Achtereekte ride de 3.000 meter, Annouk van der Weijden en Esmee Visser de 5.000 meter en Irene Schouten docht mei op de massastart.

By de manlju ride Ronald Mulder, Kai Verbij en Jan Smeekens de 500 meter. Op de 1.000 meter sille Kjeld Nuis, Koen Verweij en Thomas Krol ride. Kjeld Nuis, Koen Verweij en Patrick Roest komme út op de 1.500 meter en Bob de Vries en Sven Kramer ride de 5.000 meter. Op de 10 kilometer komme Sven Kramer en Jorrit Bergsma yn aksje. Koen Verweij docht ek mei op de massastart.

Op âldjiersdei wurdt de definitive Olympyske seleksje bekend. Jan Blokhuijsen falt krekt bûten de seleksje, mar is wol oanwiisd foar de ploege-efterfolging. Kai Verbij is blessearre, mar is in poerbêste 1.000 meter rider. Oer sokke saken wurdt troch de seleksjekommisje earst noch praat.

Letitia de Jong, de nûmer trije fan de 500 meter, falt bûten de seleksje. Yn totaal meie der tsien froulju en tsien manlju nei Súd-Koreä.

(advertinsje)
(advertinsje)