Dûkteam siket yn Ljouwerter grêften opnij nei fermiste Remon

30 des 2017 - 18:20

De syktocht nei de fermiste Remon Bruinsma fan De Westereen hat sneon opnij neat opsmiten. De plysje socht mei in spesjaal dûkteam yn de grêften op de Willemskade, Westersingel en De Kelders yn Ljouwert, mar sûnder resultaat.

Remon wurdt sûnt 1 desimber fermist, nei in jûn stappen yn Ljouwert. In oersjoch fan de fermissing en de syktocht nei Remon Bruinsma.

(advertinsje)
(advertinsje)