Nuis en Verweij: geweldich, Sven Kramer krekt net

Kjeld Nuis en Koen Verweij makken der yn rit acht fan de 1500 meter op it OKT in prachtige striid fan. Nuis, freed ek de bêste op de 1000 meter, wûn yn 1.43.48, Verweij kaam út op 1.43.54. Allinne Denis Yuskov ried yn 2015 mei 1.43.36 rapper. Patrick Roest waard tredde yn 1.44.87. Dizze trije sille útkomme op de Olympyske 1500 meter, al is Roest noch net hielendal wis.
Sven Kramer, ploechmaat fan Roest, waard fjirde yn 1.44.89.