Van der Weijden en Visser stunte op de 5.000 meter

30 des 2017 - 17:04

Annouk van der Weijden en Esmee Visser soargen foar in grutte ferrassing op de 5.000 meter fan it Olympyske kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Annouk sette yn de earste rit in geweldich persoanlik rekôr del: 6.56.41. Dy tiid waard yn de fiif ritten dêrnei oanfallen, mar net ien slagge deryn dy tiid te ferbetterjen. Esmee Visser wie der yn de lêste rit hiel tichtby: in pr fan 6.56.60. Dizze twa froulju sille de langste ôfstân yn Súd-Koreä ride.

Carien Kleibeuker, brûns yn Sotsji, waard tredde yn 6.57.23. Carlijn Achtereekte waard fjirde (6.58.29) en Nederlânsk kampioen Antoinette de Jong fiifde yn 6.58.41.

(advertinsje)
(advertinsje)