Twa ferwûnen by auto-ûngelok yn Noardwâlde

30 des 2017 - 14:51

By in ûngelok tusken twa auto's yn Noardwâlde binne sneon oan it begjin fan de middei twa minsken ferwûne rekke. De man en de frou sieten byelkoar yn de auto. De bestjoerder fan de oare auto rekke net ferwûne. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

De krusing dêr't it ûngelok barde, is ôfsletten. Troch it ûndersyk en de berging fan de auto's kin dat noch wol in skoft duorje.

Trefwurden: 
ûngelok Noardwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)