Van der Weide krijt Leeuwtje

01 nov 2011 - 08:49

Sip van der Weide út Ljouwert hat tiisdeitemoarn út hannen fan wethâlder Henk Deinum it Leeuwarder Leeuwtje ûntfongen. Van der Weide krige it Leeuwtje yn syn sliperij.

Van der Weide is tiisdei 50 jier dwaande as selsstannich ûndernimmer. Derneist is Van der Weide aktyf as frijwilliger by bygelyks it Rengerspark en is hy ambassadeur foar it Liwwadders.

(advertinsje)
(advertinsje)