Fryske ambulânse foar Fougou

30 des 2017 - 14:16

Bewenners yn it doarp Fougou yn it Afrikaanske lân Guinee hawwe fan sneon ôf de beskikking oer in Fryske ambulânse! De auto krijt as namme de Fougoulânse mei. De bewenners hawwe de ambulânse te tankjen oan trije dosinten fan iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles - De Dyk yn Ljouwert: Leo Brandsma, Michiel Frankot en Mahmoud Ba. Fougou is it bertedoarp fan de lêste. Hy kaam yn 1996 nei Nederlân ta, mar komt noch gauris yn Fougou. De ambulânse kostet goed 20.000 euro. It jild is ynsammele op skoalle.

Foar it Guineeske doarp is de ambulânse fan grut belang. Sûnder de auto moatte se 40 kilometer rinne nei it sikehûs dat it tichtst by leit.

(advertinsje)
(advertinsje)