De lêste dei fan Poort Music

30 des 2017 - 13:53

Muzykwinkel Poort Music oan de Voorstreek yn Ljouwert is allinnich sneontemiddei noch iepen, mar dêrnei is it definityf oer. De âldste muzykwinkel fan it lân slút dan de doarren. Dêrmei komt der in ein oan in lange en rike skiednis. De winkel is yn 1924 úteinset yn Harns en ferhuze fjirtjin jier letter nei Ljouwert. De eigeners fan no, Sophie Kooistra en Jeannette Sambrink, binne de dochters fan de eigeners dy't de saak tusken 1967 en 2008 hiene. Yn dy jierren groeide it bedriuw út ta fiif winkelpannen, dêr't net allinnich cd's en finyl te keap wiene, mar ek lûdsprekkers, fersterkers en platespilers.
 

Trefwurden: 
Poort Music
(advertinsje)
(advertinsje)