Sjitte mei de Colt fan Fryske Peallen

30 des 2017 - 13:00

Yn Fryske Peallen wurdt mei âldjiersdei in 'karbid-revolver-kanon' ôfsketten. It is in projekt fan de buormannen Jan Terpstra en Riemer Jongsma. Sy fernuveren har ferline jier oer de rêst yn it doarp mei de jierwiksel. Der waard allinnich mar in fjoer makke en fierder neat. Neffens de buormannen is karbidsjitten in tradysje en dus binne se oan de slach gien.

Op 'e strún yn de âld-molkfabryk fûnen se alle materialen dy't nedich wiene foar in kanon. Dat bestiet út acht molkbussen dy't fêstlaske binne op in tsjil dat draaie kin. Yn de bus sit in blikje dêr't it karbid yn sit sa't dy fan binnen skjin bliuwt. Mei in gasbrâner kinne se it kanon, oars sein, de Colt fan Fryske Peallen, op ôfstân betsjinne wurde. Op âldjiersdei wurdt it karbid-revolver-kanon ôfsketten oan de râne fan it doarp. Publyk is wolkom.


 

Trefwurden: 
karbid Fryske Peallen
(advertinsje)
(advertinsje)