Ynbrekker ferstoppet him, mar wurdt fûn troch plysje

30 des 2017 - 11:58

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 50-jierrige man út Ljouwert oanhâlden. Hy soe tegearre mei in oare man besocht hawwe om yn te brekken yn in snackbar oan de Lieuwenburg yn de stêd. Nei in melding fan in tsjûge seach de plysje dat beide manlju dwaande wiene om in syddoar fan de snackbar iepen te brekken. Doe't de fertochten de plysje seagen naaiden se út. De 50-jierrige man ferstoppe him yn de boskjes op de Lycklamastins, mar waard al gau fûn troch de aginten. De twadde fertochte is noch net pakt.

Trefwurden: 
ynbraak plysje
(advertinsje)
(advertinsje)