Oaljekoekebakker moat ferplicht ferhúzje om de sneinsrêst

Wat dogge jo as jo oaljekoekebakker binne en jo meie op âldjiersdei de oaljekoeken net ferkeapje op jo fêste plak omdat it snein is. Of jo akseptearje dat it jild kostet, of jo kieze foar in alternatyf: in oar plak yn in gemeente dêr't it wol op snein mei. Dat lêste docht Gerard Mollema fan Kollum. Hy stiet gewoanwei op De Westereen yn de gemeente Dantumadiel, mar dêr meie de winkels net iepen op snein. En dus ek net in oaljekoekekream. Dus ferhuzet Mollema snein foar ien dei nei syn wenplak yn Kollumerlân.
"Ik moat myn bôle hjirmei fertsjinje, dus ik sil dochs iepen moatte. It is foar my gewoan topdrokte dizze dagen."​ Hy hoegde net lang te sykjen nei in nij plak foar syn oaljekoekekream. "Ik nim de kream mei nei hûs en dan set ik him by ús thús yn Kollum op de oprit en dan bak ik dêr noch oaljekoeken." De klanten krigen de ôfrûne dagen in briefke mei dêr't de nije lokaasje op snein op stiet, mei de hoop dat de klanten dochs de ekstra kilometers ride foar de oaljekoeken fan Mollema.