Kollum: "Facebookferslaving en digitale doarren"

"Kollega Hilda Talsma sette op tolve desimber in foto op Facebook dêr't se jim allegearre alfêst noflike feestdagen tawinske. Even gjin Facebook. Dat like my ek wol wat, dus sei ik tsjin har dat ik solidêr mei har wêze soe. Op de krystbuorrel fan de Omrop sei se tsjin my dat se noch net wer wat online dien hie. No ja, wol privee berjochten beäntwurdzje, mar sels even neat derop sette.

Ik ha hjoed eefkes sjoen wat ik dien haw. It aktiviteitelogboek is dêr in moai middel foar. En doe kaam ik der achter dat ik dan wol neat pleatst haw, mar wol sa no en dan in berjocht 'liket'. Dus moat ik earlik sizze dat ik it blykber net litte koe om dochs even yn myn tydline om te scrollen. Mar: net safolle as oars. En dat soe dan rêst jaan moatte. No, ik leau dat net.

As je der ien kear mei begûn binne, is it online barren like ferslaavjend as nikotine. It kostet gewoan muoite om net stikem te sjen hokker foute trui dit jier trending is, hokker nepnijs der no wer ferspraad wurdt, hokker útwrydske krystmielen der servearre wurde en hokker nûmers de Facebookfreonen yn de Top 2000 stimd hawwe.

Ik tink dat wy by de De Jongkjes thús net safolle ferskille fan de gemiddelde hûshâldings mei puberbern. It komt hjir ek gewoan foar, mear dan eins gewoan wêze moat, dat we nei it iten allegearre stilswijend op de mobyl sitte te loeren nei wat ús 'freonen' by de ein ha. Sels by in krystmiel is de ferlieding grut om de triljende oansizzing fan in berjochtsje net te negearjen, mar fluch even te sjen wat der is. Kening Willem Alexander hie dêr fansels grut gelyk oan yn syn krysttaspraak. Wy lûke ús massaal werom achter digitale doarren.

Facebook waard troch ien fan de betinkers omskreaun as 'It meunster dat we betocht hawwe'. Miskien is dat wol sa. It kostet allinnich noch wat tiid om ta dat ynsjoch te kommen. Op in poster út 1930 bewearden artsen yn de USA dat in bepaald tabaksmerk better foar de kiel wie omdat de tabak roastere wie. Ek sporters stutsen om reklame te meitsjen nei in wedstriid in peukje op, omdat it harren nije enerzjy oplevere. Seine se. De tiden feroarje, as ik no yn it Abe Lenstra stadion sit, binne der amper noch minsken dy't in swiere Van Nelle draaie. Dy trend fan it net, of folle mindere smoke, hat him yn in pear jier tiid ûntwikkele. Dat is sjoen de histoarje fan de tabak dus eins hiel fluch.

De sosjale media binne no krekt sa yn trek as de tabak dat earder wie. Pas as der wittenskiplik oantoanbere neidielen blike te wêzen, kinne der grutte kampanjes opstarten wurde om it ferslaavjende gebrûk te ûntmoedigjen. Want dat we der mei ophâlde kinne is de fraach net. Wol wannear't we dat dogge. En oft we dat eins sels ek wolle. Earlik sein tink ik dat we dat we dêr noch lang net oan ta binne.

In goed útein en moai 2018 tawinske."

30 des 2017 - 10:43
(advertinsje)