Straffe Saken #3: Aage M. en syn termyske lâns

30 des 2017 - 10:17

Ien fan de ferneamste bewenners fan de Blokhúspoarte hat hy dochs wol west: Aage M. As ûnferfeard bankrôver gie er nachts op 'en paad mei syn tige spesjale ark: de termyske lâns. Hy waard pakt, moast nei de finzenis, mar wist út te naaien út de Blokhúspoarte. Aage M. waard in bekende Nederlanner, hy wie te gast bij Willem Duys, hy skreau in boek en makke sels in plaat. 

De skiednis fan Aage M. is ien fan de 'Straffe Saken', in searje oer de Blokhúspoarte, makke troch Wilfried Bijma en Ismaël Lotz. Yn 2018 wurdt 'Straffe Saken' in dokumentêrerige yn fjouwer parten by Fryslân DOK (Omrop Fryslân). By Finster op Fryslân sjogge jo no alfêst in foarpriuwke. Dit is part trije, wêryn't wy njonken Aage M. ek dj Gerard EKdom yn de Blokhúspoarte sjogge. 

Trefwurden: 
straffe saken Aage M.
(advertinsje)