Drankriders fier boppe de noarm by Drachten

30 des 2017 - 08:20

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon twa drankriders oanhâlden yn Bakkefean en Drachten. De bestjoerders sieten beide fier boppe de noarm fan 235 ugl. Dit kaam nei foaren by in blaastest. De iene bestjoerder kaam út op in skoare fan 755 ugl, wylst de oare 815 ugl blaasde. Beide moasten harren rydbewiis ynleverje, en binne oanmelden foar in alkoholkursus by it CBR.

Trefwurden: 
alkohol plysje
(advertinsje)
(advertinsje)