Goede sifers foar de regionale stjoerders

30 des 2017 - 08:13

Regionale omroppen hawwe yn it ôfrûne jier in taname sjoen yn it tal minsken dat telefyzjeprogramma's lineêr sjocht. Dat betsjut dat minsken it programma besjogge op it momint dat it yndie op de telefyzje is, en net bygelyks online of mei in weromsjoch-funksje. Lanlik sjoen rint it tal lineêre sjoggers krekt werom. Dit alles docht bliken út sifers fan it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

De regionale omroppen dogge it sawiesa goed. Yn de lêste trije jier seach sa'n 45 prosint fan de Nederlanners minstens ien kear yn de wike nei de regionale omrop. By mear as de helte fan de stjoerders gie it tal sjoggers omheech, by de rest bleau it gelyk. Omrop Fryslân docht it mei de stjoerders út Seelân, Grinslân, Brabân en Limboarch it bêste fan alle regionale omroppen. Hast 100 prosint fan de Friezen is bekend mei de Omrop, en de TV-stjoerder berikt alle wiken sa'n 53 prosint fan de minsken yn de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)