Tips foar hûnebesitters om âld en nij troch te kommen

29 des 2017 - 22:50

Hûnen binne faak net sljocht op al dat fjoerwurk dat mei âld en nij de loft ynsketten wurdt. Guon baaskes fan hûnen binne dan ek fan miening dat fjoerwurk hielendal ferbean wêze moatte soe. Oft it ea safier komt is de fraach. Oant dy tiid kinne hûnebesitters terjochte yn Burgum, want dêr wurde hûnen taret op lûde knallen.

By hûneskoalle Behave jout eigenaresse Grietje Wagenaar trainingen foar hûnen en harren baaskes mei help fan in spesjale fjoerwurk-cd. Dit docht se it hiele jier troch, om de bisten alfêst wenne te litten oan de knallerij. Foar minsken dy't harren hûn op âldjiersdei om tolve oere hinne rêstich hâlde wolle, hat se ek noch wol in tip: "Lied de bisten ôf mei lekker iten en jou se alle kearen dat se reagearje op in hurd lûd wat te iten." Sa assosjearje se de lûden mei wat posityfs.

Tsjin minsken dy't fjoerwurk ôfstekke seit Wagenaar: "Stek gjin fjoerwurk ôf wannear't der in bist oankomt. It kin grappich wêze om te sjen hoe't bisten reagearje, mar de baaskes sitte der fierders mei."

(advertinsje)
(advertinsje)