FIDEO: Dit binne de alve Fryske sportmominten fan 2017

30 des 2017 - 07:30

Epke Zonderland dy't yn Montreal mei ien hân oan de rekstôk syn turnoefening ôfmakke, SC Cambuur dat op in hier ôf yn de bekerfinale stie en de spannende ûntknoping fan de SKS. It binne 'samar' trije foarbylden út wer in geweldich Frysk sportjier. Boppedat binne se opnaam yn it oersjoch fan de 11 Fryske Sportmominten 2017.

Yn stee fan it Sportgala organisearret Sport Fryslân dit kear, yn gearwurking mei Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en de provinsje Fryslân, de 11 Fryske Sportmominten 2017. Under lieding fan in sjuery binne der alve Fryske sportmominten útkeazen. Alve mominten dy't hingjen bliuwe en ta de ferbylding sprekke. Alve mominten dêr't topprestaasjes levere binne of dêr't de teloarstelling grut wie.

Sport Fryslân organisearre de lêste jierren altyd it Sportgala. Op dat gala waard foarhinne altyd de Fryske sportman en -frou fan it jier keazen. Omdat ûnder oare de opkomst fan de sporters net geweldich wie, is Sport Fryslân dêrmei ophâlden.

No is der dus keazen foar in nije opset om stil te stean by it ôfrûne Fryske sportjier. "Wy binne grutsk op ús sporters", seit Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân. "Sy fertsjinje it om foar harren bysûndere prestaasjes eare te wurden. Wy besykje in ynfolling te finen dy't by dizze tiid past, mar dat we it fiere stiet foar my fêst."

(advertinsje)
(advertinsje)