Kjeld Nuis wint mei in toptiid de 1.000 meter op it OKT

29 des 2017 - 19:59

Kjeld Nuis hat mei in prachtige 1.07.64, in baanrekôr, de 1.000 meter op it Olympysk Kwalifikaasje Toernoai yn Thialf wûn. Op it twadde plak einige Koen Verweij yn 1.08.36. Thomas Krol waard tredde yn 1.08.52. Nuis en Verweij binne no wis fan de 1.000 meter op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Thomas Krol sit yn de wachtkeamer. Syn dielname hinget fan de prestaasjematriks ôf.

Kai Verbij, dit seizoen de bêste Nederlanner op de 1.000 meter yn it wrâldbekersirkwy, die troch in ljiskblessuere net mei. Sjoerd de Vries waard trettjinde yn 1.09.85.

Trefwurden: 
reedriden OKT Kjeld Nuis
(advertinsje)
(advertinsje)