"Wij willen de Sven Kramers van de drafsport hier hebben"

29 des 2017 - 19:36

It Victoria Park yn Wolvegea hat in goed jier efter de rêch. Op de draafbaan waard it ofrûne jier mear ynset as ferline jier en der waard mear jild binnenhelle. Dat soarge derfoar dat der ek bettere hynders nei Wolvegea ta kamen.

"Zowel wedtechnisch als sporttechnisch hebben we een goed jaar gehad", fertelt baanmanager Ralf Dekker. "Wij willen de Sven Kramers van de drafsport hier hebben, dus dan moeten we mooie races organiseren met een dikke prijzenpot. Als er veel gewed wordt, dan krijgen wij daar een percentage van en kunnen we de races interessant maken voor de goeie paarden."

Doe't de draafbaan yn Wolvegea yn 2010 úteinsette, giene der folle legere bedragen yn om. Doe gie it om sa'n trijetûzen euro ynset de race. No lizze dy bedragen heger. Dekker: "Het gaat nu in 2017 om tien- à twaalfduizend euro per race. Dat is gigantisch."

Foar de takomst hat Dekker ien grutte winsk. "In 2020 willen we de Grand Prix de l'UET hier organiseren. Dat is de Champions League onder de races." Yn 2015 organisearre de Wolvegeaster draafbaan dy wedstriid ek en dat hat it Victoria Park in soad opsmiten.

(advertinsje)
(advertinsje)