Manifest tsjin konsumintefjoerwurk: "Slachtoffers voorkomen"

Elk jier rinne in soad minsken ferwûningen op troch fjoerwurk. Dêrom moat konsumintefjoerwurk yn 2018 ferbean wurde. Dat fine goed tûzen organisaasjes en 50.000 partikulieren yn Nederlân. Dêrfoar ha sy it Nationaal Vuurwerkmanifest ûndertekene. Twa eachdokters ha dit inisjatyf naam om te pleitsjen foar in alternatyf foar konsumintefjoerwurk.
Profesjoneel organisearre fjoerwurksjo's moatte der neffens it manifest foar soargje dat minsken op in feilige manier genietsje kinne fan it fjoerwurk. Ferwûningen oan eagen, fingers en hannen ûntstean net allinnich troch it ôfstekken fan fjoerwurk, want 50 prosint fan de slachtoffers stekt sels gjin fjoerwurk ôf.
Plastysk sjirurch Tijmen de Jong fan it MCL yn Ljouwert hat sels it manifest net tekene, mar stiet achter it boadskip: "Het manifest is belangrijk, omdat er ieder jaar weer slachtoffers vallen. Schrijnend is dat onder die slachtoffers veel kinderen zitten. Er moet dus veel aandacht voor komen en voorlichting, om zoveel mogelijk slachtoffers te voorkomen."
Yn it MCL binne it ôfrûne jier seis slachtoffers mei earnstige ferwûningen binnen kaam. It feitlike oantal leit folle heger, seit De Jong, omdat net elkenien trochferwiisd wurdt nei plastyske sjirurgy. It oantal minsken mei swier letsel nimt op jierbasis wol ôf, mient De Jong.
De Nederlandse Vereniging Plastische Chirurgie hat ôfrûne jier 33 slachtoffers mei swiere ferwûningen behannele, mar dat binne neffens De Jong noch wol 33 tefolle. Organisaasjes en partikulieren kinne it manifest online tekenje.