Wüst, Van Beek en Leenstra op Olympyske 1.500 meter

29 des 2017 - 18:57

Ireen Wüst, Lotte van Beek en Marrit Leenstra sille foar Nederlân útkomme op de 1.500 meter op de Olympyske Spelen fan 2018 yn Súd-Koreä. Wüst ried de bêste 1.500 meter, mei de winst yn 1.54.78. Van Beek waard twadde yn 1.55.51 en Leenstra tredde yn 1.56.16.

Yn de lêste rit koene Antoinette de Jong (1.56.32) en Nederlânsk kampioen Jorien ter Mors (1.56.91) net oan de tiden fan de top trije komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)