FIDEO: Jacques Monasch sjocht werom op it ôfrûne jier

Ald-PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch fynt achterôf dat er de striid langer oangean moatten hie binnen de PvdA. Monasch stapte ferline jier op by de partij dêr't er fjirtich jier lid fan wie. Neidat er de striid ferlern hie oer it saneamde flitslidmaatskip luts er him werom yn de ferkiezing foar it listlûkerskip en stapte er boppedat út de fraksje. Monasch sjocht werom op de turbulinte perioade wêryn't ek de partij dy't er sels oprjochte, Nieuwe Wegen, in dearinnend paad wie.
Monasch sit no yn de keunsthannel en hat gjin plannen om werom te kommen yn de polityk, al mist hy guon saken wol. Monasch wennet yn Snits en hat op dit stuit twa keunstgaleryen. Ien yn Amsterdam en ien yn Brussel. Russyske en Oekraynske keunst is syn spesjaliteit. Dêrnjonken hat hy noch in consultancybedriuw. De âld-PvdA-politikus ferliet de polityk op 23 maart dit jier. Neffens him hat hy net lang ôfkikke moatten. Nei fiif dagen skye en in wike sylwedstriden yn Spanje kaam er thús en gie de knop om. Om werom te kommen by syn âlde leafde: de keunst.
Dat it min giet mei de PvdA giet him oan it hert, mar it is oan de partij sels te witen. De leden fan de âlde fraksje fan de sosjaaldemokratyske partij hawwe neffens him tefolle mei allinnich harren eigen posysje dwaande west yn stee fan mei de kiezers. Ek fynt er dat de sosjaaldemokratyske wearden tefolle oan kant skood binne ten faveure fan it oerein hâlden fan it doetiidske kabinet.
De oprjochting fan de partij Nieuwe Wegen wie it gefolch. De listlûker wist eins fan de begjin ôf oan dat dat in dreech ferhaal wurde soe. Al ein 2016, doe't in grutte jildsjitter ôfheakke, hie Monasch der in hurde holle yn dat it slagje soe de partij echt meidwaan litte te kinnen yn de striid om sitten yn de Twadde Keamer. De tiid wie te koart om alles goed del te setten en de media-oandacht ferslappe nei in skoft ek. Doe wie foar him it beslút al gau dúdlik dat hy út de polityk gean soe.

Monasch folget de polityk en de koers fan de PvdA op ôfstân. Neffens him binne der wol saken feroare yn de partij no't dy minimalisearre is. Asscher docht it neffens him goed. Ek heart hy no folle faker útspraken fan politisy út de PvdA dy't earder net koene neffens de partij. In soarte fan Monasch echo. Dat fynt hy in goede saak. Want de sosjaal-demokrasy is neffens him allinnich mar te rêden as de grinzen begrinze wurde en de soarchsteat beskerme wurdt foar dejingen dy't der oan boud hawwe. De kâns dat de Snitser werom komt is foarlopich net oan 'e oarder. Mar as in echte politikus seit hy der by: "Zeg nooit nooit."