Nij kolleezje SWF set yn op duorsumens en oanpak wurkleazens
De gemeente Súdwest-Fryslân sil de kommende fjouwer jier ynsette op duorsumens en it omleech bringen fan de wurkleazens. Dat hat de nije koälysje fan CDA, PvdA, VVD en GrienLinks freedtemiddei bekendmakke.
Wat duorsumens oanbelanget wol it kolleezje alle wenten yn de gemeente foar 2030 enerzjyneutraal meitsje. De wurkleazens leit no noch op 6,2 prosint. Dat moat yn 2022 werombrocht wêze nei 4 prosint. Dêrnjonken wol it kolleezje 12 miljoen euro ynvestearje yn toerisme, lânbou en duorsume enerzjy.
De wethâlders Maarten Offinga en Gea Akkerman fan it CDA en PvdA'er Stella van Gent komme werom as wethâlder. Mark de Man (VVD) en Erik Faber fan GrienLinks binne nij.