Alle soarchfersekeringen wolkom by sikehûs Nij Smellinghe

It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Minsken dy't soarch nedich hawwe, kinne fan takom jier ôf mei alle soarchfersekeringen wer nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. It sikehûs hat mei alle soarchfersekerders kontrakten sletten. Allinnich foar inkelde budzjetpoalissen is gjin kontrakt tekene.
Op de webside fan it sikehûs stiet in oersjoch fan alle soarchfersekerders dêr't Nij Smelinghe in ôfspraak mei hat foar takom jier.