Harnzer stelt leech kratsje

01 nov 2011 - 08:58
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat in 22-jierrige Harnzer oanhâlden om't dy in leech kratsje bier stellen hie. Tsjûgen seagen dat de man by de Suderhaven it kratsje fuortnaam by in boat dy't der lei.

De eigener en de tsjûgen gongen achter de dief oan. By de supermerk pakten se de man en droegen him oer oan de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)