Keninklike ûnderskieding foar tûzenpoat Huite Zonderland

29 des 2017 - 18:05

Huite Zonderland fan De Lemmer hat freed in keninklike ûnderskieding krigen. Hy is beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De heit fan Olympysk turnkampioen Epke Zonderland krijt it lintsje foar syn ynset foar ferskate organisaasjes.

Sa wie er jierrenlang bestjoerslid en foarsitter fan de technyske kommisje turnjen by de manlju en dêrnei bûnsbestjoerslid en vice-foarsitter by it Nederlânske turnbûn. Ek hat Zonderland 25 jier yn it bestjoer sitten fan de Stichting voor Kunstzinnige Vorming 'It Toanhus', is er sûnt 1971 belutsen by Harmonie Excelsior en sit er sûnt 2003 yn it bestjoer fan iisferiening Lemmer.

Zonderland krige by syn ôfskied as bûnsbestjoerslid en vice-foarsitter fan it turnbûn de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren.

(advertinsje)
(advertinsje)