Fjouwer promininten oer de nije trainer fan SC Cambuur

29 des 2017 - 15:36

Technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur tocht dat er der al wie mei it kiezen fan in nije coach, mar it kaam oars. De beëage nije haadtrainer Fred Grim keas foar Sparta Rotterdam en dus hawwe de Ljouwerters noch altyd gjin nije trainer. Hoe komt it no en wat foar eigenskippen moat de nije oefenmaster hawwe? Wy fregen it oan fjouwer echte Cambuurmanlju.

Johan Abma ('Mister Cambuur', spile fan 1988 oant en mei 2003 yn totaal 484 kompetysjewedstriden foar de Ljouwerters)

Wa moat de nije trainer wurde? Wêrom?
"Persoanlik ha ik ien favoryt en dat is Marcel Keizer, mar dat is no net oan de oarder trochdat er krekt ûntslein is by Ajax. Oare nammen dêr't ik oan tink binne Jack de Gier, Peter van den Berg en Roy Hendriksen. Ik kin dy manlju wol persoanlik, mar net as trainer. Ik wit dat op dizze trije in goede kop sit en dat se in bân ha mei de klup. Dat is belangryk, want je hawwe oan Rob Maas wol sjoen dat it belangryk is dat je by de klup passe."

Wêr moat de nije trainer oan foldwaan?
"It moat ien wêze dy't bining hat mei de klup. Dat is it belangrykste. Al dy trainers yn it betelle fuotbal hawwe kapasiteiten genôch, mar je moatte ek by de klup passe. Je moatte it publyk fermeitsje. Dat kin allinne mar mei agressyf en dominant fuotbal. En as nije trainer moatte je wol even mei de klupikoanen sa as Jan Bruin om tafel."
 

Wilfred Genee (presintator fan it telefyzjeprogramma Voetbal Inside en Cambuurfan)

Wa moat de nije trainer wurde? Wêrom?
Fan syn fakânsje-adres lit Voetbal Inside-presintator Wilfred Genee witte dat er wol in foarkar hat. Neffens him moat de hjoeddeistige trainer fan Almere City FC nei Ljouwert komme: "Jack de Gier is een geschikte kandidaat. Hij kent de Cambuurcultuur." Cambuur soe dan wol in transfersom betelje moatte, omdat De Gier by Almere City noch in kontrakt hat foar oardel jier. Yn it ferline spile De Gier trije seizoenen yn it giel-blau.

Wêr moat de nije trainer oan foldwaan?
Genee hat eins mar ien eask foar de nije trainer: "Hij moet aanvallend voetbal durven spelen."
 

Chris de Wagt (siet yn de jeugdoplieding fan Cambuur en spile fan 2005 oant en mei 2009 yn totaal 100 kompetysjewedstriden yn it earste)

Wa moat de nije trainer wurde? Wêrom?
"Ik soe sa net in namme neame kinne. Ik tink dat it wichtiger is dat je sjogge nei wêroan't in trainer foldwaan moat, mar dat seit ek net altyd wat. Ik fûn Marinus Dijkhuizen in hiel goede kar, dy't de klup kin en der goed by past. Mar dat leveret dus net altyd súkses op. Spitich dat dat him net wurden is."

Wêr moat de nije trainer oan foldwaan?
"It moat ien wêze dy't wit wat foar klup it is. It publyk spilet ek in rol, dêr moast mei omgean kinne. Je moatte dus ien hawwe dy't ûnderfining hat mei sokke folksklups, mar úteinlik is kwaliteit it alderbelangrykste. Miskien is dit in idee om ien oan te stellen dy't oars tinkt en fernijende ideeën hat. Fuotbal feroaret en je moatte ferrassend wêze om de gruttere klups tûker ôf te wêzen. Sa'n ien as Arne Slot, dy hat ek wol fernijende ideeën hân. It soe moai wêze ast in trainer fynst dy't dat kin."
 

Johan Groote (spile fan 1975 oant en mei 1988 yn totaal 372 kompetysjewedstriden foar Cambuur en beklaaide dêrnei ferskate technyske funksjes binnen de klup)

Wa moat de nije trainer wurde? Wêrom?
"Ik weet niet echt een naam. Ik denk dat je goed moet kijken naar je verleden. Je moet kijken wie het goed heeft gedaan en feeling heeft met de clubcultuur. Ik denk dan aan een type als Gert Kruys of Henk de Jonge. Je moet de tijd nemen om goed te zoeken en niet over één nacht ijs gaan."

Wêr moat de nije trainer oan foldwaan?
"Hij moet goed bij de clubcultuur passen en een goeie visie hebben. Als je kijkt naar hoeveel trainers er de laatste jaren zijn versleten, dat hoort niet bij Cambuur. De achterban is ook heel belangrijk. De trainer hoort de dertiende man te zijn. Hij moet naar zijn spelers uitstralen dat ze er vol voor moeten gaan en dat de mouwen moeten worden opgestroopt."

(advertinsje)
(advertinsje)