Selstraf foar Drachtster hokkedief

29 des 2017 - 14:33

In 28 jierrige Drachtster is feroardiele ta in selstraf fan 283 dagen. Dêrfan binne 200 ûnder betingst. De man soe in oantal kear ynbrutsen hawwe yn benammen skuorkes en hokken yn syn wenplak. Hy hie it benammen fersjoen op fytsen en ark. Yn july dit jier waard er trappearre doe't hy sûnder ljocht op in stellen fyts fytste. By de stellerijen wie hy altyd ûnder ynfloed fan GHB.


De straf dy't de man krigen hat, hat hy yntusken al útsitten.
 

Trefwurden: 
justysje
(advertinsje)
(advertinsje)