Mear as 100 beswieren tsjin nije guozzebelied

29 des 2017 - 14:11

By de provinsje binne 117 beswieren yntsjinne tsjin it nije guozzebelied. De beswieren komme fan boeren, dy't benaud binne foar de finansjele konsekwinsjes fan it nije belied. Se binne bang dat se minder skeafergoeding krije, wylst de skea feroarsake troch guozzen op harren lân grutter wurdt. Neffens Wiebe Nauta fan Koudum, dy't mear as 60 boeren fertsjinwurdiget, giet de provinsje der fanút dat der alle jierren 200.000 guozzen ôfsketten wurde. Mar de jagers hawwe oanjûn dat sy net mear as 90.000 bisten sjitte kinne. De beswieren wurde op 30 jannewaris behannele troch de provinsjale beswierekommisje. Oant dy tiid wol de provinsje net reagearje.
 

Trefwurden: 
guozzen polityk
(advertinsje)
(advertinsje)