Dútser stroffelet en rekket slim ferwûne

29 des 2017 - 14:01

Op de Stienplaat yn Makkum is freed oan it ein fan 'e moarn in 65-jierrige Dútser slim ferwûne rekke. De man stroffele doe't hy út syn auto stappe woe en kaam ûngelokkich op syn achterholle telâne. De helptsjinsten rukten manmachtich út mei twa ambulânses en in traumahelikopter. It slachtoffer is mei de helikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
plysje ferwûne
(advertinsje)
(advertinsje)